The home of Eurovision lyrics

Song Information
Music: Douwe Bouma
Lyrics: Wiebe van der Mei

Hjir yn ‘e greide, fiel ik de ierde
Tusken skimer en ljocht
Op ‘e grins, tusken de nacht
En de dei

Links is it noarden, rjochts is it suden
En achter de kym raast it ljocht
Om ‘e romte yn my
Om ‘e romte yn my

Yn reade flewielen loften
Sjoch ik slachskippen fan wolken
Dy’t dinderje, troch de wyn en ‘e tiid
Nea sil de sinne, de moanne tesinge
De ein is iepen yn in ûneinige striid
De ein is iepen yn in ûneinige striid

Nim myn hêrt, nim myn hân
Nim myn siel, myn ferstân
Nim myn stim en myn liet
Nim myn winst en myn striid

Wiid bin’ de fjilden, wiid bin’ de loften
Brekber de bylden yn de eagen
Fan wa’t Nei my sjocht
Fan wa’t Nei my sjocht

Hoe lyts is myn libben, hoe lyts is myn finster
Hoe lyts is de romte foar de tinzen
Tusken skimer en ljocht
Tusken skimer en ljocht

Comments

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *

Visitors from around the world

free counters